Hast in ûngelok hân? (Fries) - Asselbergs & Klinkhamer advocaten

Hast in ûngelok hân? (Fries)

18 jun 2020LetselschaderechtMark van der Bijl

Hasto in ûngelok hân wêrfoar in oar oanspraaklik is? Dan hasto rjocht op skeafergoeding. As de oanspraaklikheid erkend is, bliuwt it lestich om foar alle skea in skeafergoeding te krijen. Mei fersekeraars ûntstean geregeld diskusjes oer de skea.

It gefolch fan in ûngefal

Sommige skea is dúdlik it gefolch fan in ûngefal. Tink oan in dûk yn in auto. Sommige skea kin al dan net it gefolch wêze fan in ûngefal. Tink oan pineholle of seare nekke. Fersekeraars kinne fan miening wêze dat pineholle en pine yn de nekke net it gefolch binne fan it ûngefal. Fersekeraars kinnen dr foar kieze om dizze skea net te fergoedzjen.

Ferskillende skeadeposten

Do hast rjocht op skeafergoeding foar ferskillende skeadeposten. Kinsto it húshâlden net mear (goed) dwaan? Dan kinsto hjirfoar in skeafergoeding krije. Do kinst hjirmei húshâldlike help ynskeakelje. Famylje of kunde kinne dy ek helpe yn it húshâlden. Foar de help fan famylje en kunde kinsto ek in fergoeding krije.

As je reiskosten meitsje moatte as gefolch fan it ûngefal kinsto ek in fergoeding krije. As gefolch fan it ûngefal moatte je mooglik faak nei it sikehûs. Foar de dagen datsto yn it sikehûs bliuwe moast kinsto ek in fergoeding krije. Ek foar medyske kosten kinsto in fergoeding krije. Tink oan medisinen of fysioterapybehannelingen die net fergoede wurde troch dyn soarchfersereraar.

Do kinst ek ymmateriële skea ha (de pine as gefolch fan it ûngefal is ek in soart fan skea). Ek hjirfoar kinsto in fergoeding krije. Dizze fergoeding is foar alle pine en ellinde dysto hân hast. Spitich genôch is de fergoeding foar ymmateriële skea yn Nederlân net sa heech.

Help fan ús

Asselbergs & Klinkhamer Advocaten kin dy helpe mei dit soarte saken. Ús letselskeaseksje bestiet út spesjalisten. Tegearre mei ús medysk adviseur losse wy dyn probleem op. Wy oertsjûgje fersekeraars fan dyn skea. As it nedich is begjinne we in rjochtsaak by de rjochtbank.

It is ús doel datsto mei dyn skeafergoeding leve kinst krekt as foarhinne. Dyn saak is foar ús erch belangryk. Dyn saak fertsjinnet de nedige oandacht.

By Asselbergs & Klinkhamer Advocaten kinsto dyn saak yn dyn eigen taal besprekke. Dyn saak besprekke yn dyn eigen taal kin sinfol wêze. Mark van der Bijl is advokaat en ferstiet de Fryske taal.

Nim kontakt op

Nim fergees kontakt mei ús op asto mear ynformaasje wolst, of troch ús holpen wurde wolst. Wolsto ús tillefoanysk berikke, skilje dan nei: 076 502 20 80

Wy helpe dy graach.

Over de blogger
Mark van der Bijl

Mark is gespecialiseerd in het letselschaderecht en staat slachtoffers van verkeersongevallen, sport- en spelsituaties, arbeidsongevallen, medische fouten en geweldsmisdrijven bij. Mark werkt voornamelijk voor slachtoffers.

Meer artikelen van Mark van der Bijl
Mark van der Bijl

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.